Bergsma pakt sulver op 10.000 meter, Van der Poel wint mei wrâldrekôr

14 feb 2021 - 17:32

Jorrit Bergsma fan Aldeboarn hat snein sulver pakt op de 10.000 meter op it WK ôfstannen yn Thialf. De winst gie nei de Sweedske Nils van der Poel, dy't mei 12.32,95 in nij wrâldrekôr delsette.

Jorrit Bergsma oer de 10.000 meter

De Sweedske Nils van der Poel, dy't earder de 5.000 meter wûn en ek op de wrâldbeker al yndruk makke, wie de earste dy't in serieuze tiid delsette: 12.32,93. De Sweed pakte dêrmei in persoanlik rekôr, it baanrekôr én it wrâldrekôr. It wie foar it earst yn fjirttjin jier dat in nij wrâldrekôr delsetten waard yn Thialf.

Foto: Orange Pictures

Striid om it sulver

Bergsma naam it yn de rit dêrnei op tsjin de Italiaanske Davide Ghiotto. De Italiaan naam de earste rondes wat ôfstân op Bergsma, mar de Fries stuts him al gau wer foarby. De tiid fan Van der Poel wie lykwols al gau út sicht en Bergsma sette mei 12.45,86 de twadde tiid del.

Dat like net genôch foar it sulver, omdat Patrick Roest yn syn rit ûnder dy tiid ride. De lângenoat kakte yn it twadde diel fan syn 10.000 meter lykwols yn, en sette úteinlik mar de sânde tiid del. De Russyske Alexander Rumyantsev pakte yn dyselde rit it brûns yn 12.54,74.

Utslach 10.000 meter

1. Nils van der Poel (SWE) 12.32,95
2. Jorrit Bergsma (NED) 12.45,86
3. Alexander Rumyantsev (RUS) 12.54,74
4. Davide Ghiotto (ITA) 12.57,23
5. Ruslan Zakharov (RUS) 12.59,83
(Advertinsje)
(Advertinsje)