Twa manlju oan de tsjinoerstelde kant fan de coronadiskusje, wat driuwt harren?

14 feb 2021 - 15:39

De iene leaut der folslein yn, de oare is teloarsteld en fynt dat de polityk him foar it karke spanne lit fan it bedriuwslibben. De iene is Habtamu de Hoop, kandidaat foar de Twadde Keamer foar de PvdA. De oare is muzikant Amon dos Santos.

Foto: Simone Scheffer

De coronamaatregels binne foar Amon dos Santos de saneamde drip dy't de amer oerrinnen docht. Hy fynt dat de maatregels bûtenproporsjoneel binne en fierstente folle stikken meitsje. De jongeren reitsje yn geastlike problemen en ek de ekonomy wurdt stikken makke. Habtamu leaut wol yn de maatregels en yn de polityk. Hy stiet op nûmer 9 fan de list foar de Twadde Keamer fan de PvdA.

Yn Buro de Vries giene de beide mannen mei mekoar yn petear.

Amon stimde de lêste jierren net. Hy seit dat hy fan natuere links is, mar dat no syn foarkar útgiet nei Forum voor Democratie. De linkse partijen rinne neffens him samar achter it kabinet oan. Se stimme yn mei de maatregels en dat is foar him reden om no in oare kar te meitsjen. Habtamu fynt dat spitich, mar rjochtet him mear op de perioade nei de corona. Beiden binne it iens dat de jongeren te lijen hawwe fan de coronakrisis. De oplossing, dêroer ferskille se fan miening.

Habtamu de Hoop en Amon dos Santos

(Advertinsje)
(Advertinsje)