RIVM: 151 nije coronabesmettings yn Fryslân

14 feb 2021 - 15:22

It RIVM meldt snein 151 nije coronabesmettingen yn Fryslân. Dat binne 37 minder as sneon, doe wiene it 188.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

De measte nije besmettingen binne meld yn Súdwest-Fryslân, mei 29. Dêrnei folget Ljouwert mei 18 besmettingen.

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus.

Der binne ek trije Friezen yn it sikehûs opnaam mei corona. It giet om minsken út Ljouwert en Opsterlân.

Lanlik meldt it RIVM 3497 nije besmettingen.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)