IIsmaster Kroes: "IIs op Fryske marren ûnbetrouber; gean de marren net op"

14 feb 2021 - 13:47

Net op de marren ride, dy warskôging docht it Frysk iisbûn snein oan it begjin fan de middei. Troch it draaien fan de wyn ûntstean der gefaarlike sitewaasjes foar riders op de Fryske marren. "It iis op de Fryske marren is ûnbetrouber", seit Sytse Kroes, iismaster by De Friesche IJsbond.

Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

"Ik krij fan ferskillende kanten troch dat der wynwekken ûntstean en kistwurken (stikken iis dy't op elkoar skowe) en dat is ekstra gefaarlik foar de riders. We meitsje ús soargen, it iis wurdt minder. It giet ûnder oare om de Tsjûkemar, Sleattemer Mar, Fluezen en Hegemer Mar. Der binne grutte kloften minsken oan it riden op de marren. Dat fyn ik ekstra spannend. De wyn draait en hellet ek oan en it iis is net dik, der komme gau skuorren yn."

Hy wiist de minsken op de eigen ferantwurdlikheid. "Minsken moatte foaral wach wêze. Op de fearten liket it noch wol knap, mar ek dêr moatte de riders der wol omtinke, want de temperatuer rint op, dus it iis wurdt hurd minder."

Trefwurden: 
iis reedride Sytse Kroes
(Advertinsje)
(Advertinsje)