Antoinette de Jong en Ireen Wüst neist it podium op 1.500 meter

14 feb 2021 - 13:22

Antoinette de Jong en Ireen Wüst binne der sneintemiddei net yn slagge om in medalje te pakken op de 1.500 meter by de WK ôfstannen. De winst gie yn Thialf nei Ragne Wiklund, foar Brittany Bowe en Evgeniia Lalenkova. De Jong en Wüst waarden fjirde en fiifde.

Earder yn it wykein wûn Antoinette de Jong al de 3.000 meter en se ride mei ûnder oaren Wüst ek nei de oerwinning by de ploege-efterfolging.

De earste serieuze tiid waard delsetten troch de Noarske Ragne Wiklund, dy't yn 1.54,61 oer de streek kaam. Grutste konkurrinte Brittany Bowe, dy't op beide wrâldbekers wûn, koe dêr net oankomme: 1.55,03.

Foto: Orange Pictures

De Jong en Wüst rieden tsjin inoar yn de lêste rit en moasten dus ûnder de tiid fan de Noarske dûke. Nei in falske start, wiene beide froulju yn de earste ronde rapper as Wiklund. De Jong pakte dêrnei tiid op Wüst, mar ferlear ek tiid op Wiklund.

Troch de rit hinne ferlearen sawol Wüst as De Jong sa'n soad tiid, dat se net iens de medaljes hellen: De Jong waard fjirde, Wüst einige as fiifde.

Utslach 1.500 meter

1. Ragne Wiklund (NOR) 1.54,61
2. Brittany Bowe (FS) 1.55,03
3. Evgeniia Lalenkova (RUS) 1.55,09
4. Antoinette de Jong (NED) 1.55,36
5. Ireen Wüst (NED) 1.55,88
(Advertinsje)
(Advertinsje)