Piet Paulusma warskôget foar glêdens troch izel op moandeitemoarn

Waarman Piet Paulusma warskôget foar teiwaar en izel. Yn de nacht fan snein op moandei komt út it súdwesten wei snie en izel. Benammen moandeitemoarn folget in perioade mei izel en rein. De temperatueren rinne op nei 3 of 4 graden. It wurdt dus glêd!
© Omrop Fryslân
Yn de rin fan de sneintemiddei komt it kwik boppe it friespunt, dus de kwaliteit fan it iis wurdt ek minder.