Alvestêdetochtwinner Henk Angenent rydt de tocht
Henk Angenent, de winner fan de lêste Alvestêdetocht fan 1997, is op dizze lêste winterdei om 8.00 oere moarns begûn mei syn tocht lâns de alve stêden. Hy stiet op it iis mei sjonger en freon Syb van der Ploeg, Syb syn broer Jacob en Henk Matser.
Underweis nei Snits gie it goed. Yn Drylts moasten se by de brêge wat klune. Yn Sleat moasten se fan it iis omdat it dêr te min wie en sa sloegen se Balk oer. Om healwei twaen wienen se Hylpen foarby.
Syb van der Ploeg en syn broer Jacob binne Angenent kwytrekke ûnderweis nei Warkum.
Bliuw op de hichte fan syn tocht en al it oare winternijs yn ús liveblog.