Piet Mulder en Gerben Douma folbringe Alvestêdetocht: "It wie helsk"

Piet Mulder (Kollumersweach) en Gerben Douma (Bûtenpost) ha sneon de Alvestêdetocht riden. Se wienen moarns om fiif oere op de redens stapt yn Ljouwert en kamen krekt foar middernacht oan op de Bonkefeart. Maklik hiene se it net: "It wie in helske tocht!"
Piet Mulder en Gerben Douma folbringe Alvestêdetocht: "It wie helsk"
"It wie folle swierder as tocht. We ha tsjin inoar sein: we besykje it en we sjogge wol hoefier't we komme", seinen Mulder en Douma doe't se oankaam wienen op de Bonkefeart yn Ljouwert. Dat it slagge is, jout in nuver gefoel. "It wie bizar, je komme mei sa soad ferhalen thús nei sa'n tocht."

'Jim doge net'

De twa krigen dan ek in soad reaksjes doe't se oer harren plannen fertelden. "Der binne in soad minsken dy't seinen: jim doge net. Mar we witte wol goed wat wy dogge, je moatte witte hoe't it iis reagearret."
Se riede oaren net oan om ek te besykjen de Tocht te folbringen. "As je mei 100 man oer De Luts gien wiene, hiene der minsken trochhinne gien. Dan is it ek einde tocht."

Jûnsklokboete

Ien fan de twa manlju nei de 'finish' hat in boete krigen foar it him net hâlden oan de jûnsklok, om't er gjin papieren by him hie en him net identifisearje koe. Syn ferklearring: 'De Elfstedentocht liep een beetje uit.' Dy boete is lykwols gjin beswier: "Ik ha it der wol foar oer."
Mulder en Douma oan de ein fan har tocht

'It is wurkjen'

Earder op de dei hienen we ek al kontakt mei ien fan beide mannen, doe wienen se krekt yn Frjentsjer. It iis dat se tsjinkamen wie op plakken net al te bêst, sei Mulder doe.
"Der wienen plakken mei kruiend iis, dat wie min riden. It is wurkjen. Der leit in protte snie op it iis, it is hurd wurk. Mar we binne noch gjin situaasjes tsjinkaam dat it net koe. Fanmoarn om fiif oere hie noch net ien op it iis west, mar op plakken mei hûndert man, dan begjint it te kreakjen en te golvjen."
Piet Mulder