Operaasje Fryske Flagge: Jelmer de Vries sit yn Finlân: "It Frysk praten mis ik wol"

Fan alle lannen op de ierde is fan de flagge in emoji, mar net fan de Fryske flagge. Om dêr feroaring yn te bringen, hat Omrop Fryslân Operaasje Fryske Flagge betocht. De Fryske flagge moat yn de list fan emoji's komme, mar dat slagget ús net allinnich. Dêrom kinne Friezen om utens harren Fryske flagge op ús online wrâldkaart pleatse. Dizze wike fertelt Jelmer de Vries, oarspronklik fan Harns, oer syn libben yn it Finske Lappeenranta.
© Omrop Fryslân
Jelmer de Vries (24 jier) is hikke en tein yn Harns. Foar syn stúdzje 'Sustainability science' is er yn augustus 2019 nei Finlân ôfreizge. Dêr binne de winters wol wat stranger as hjir, mei sa'n trije, fjouwer moannen froast. "En ik stean wol ien of twa kear op redens, der binne in soad iisbanen hjir."
"Ik woe graach in stúdzje dwaan dy't te krijen hie mei duorsumens en kaam út by de Universiteit yn Lappeenranta yn Finlân. Ik ha my ynskreaun en mocht komme." By de stúdzje leart er hoe't je ôffal ynsammelje en ferwurkje kinne, wetter suverje kinne en de loftfersmoarging werombringe kinne. "Dus hoe't we ús planeet wat better achter litte."
It is syn earste bûtenlânûnderfining, "mar it befalt my goed." De stúdzje duorret twa jier en hy sit yn syn lêste healjier. "Dêrnei wol ik graach oan it wurk, ik wit noch net oft dat yn Finlân is of net. Dat hinget fan in baan ôf."
Hy mist Fryslân wol. "Heit en mem stjoere sa no en dan in pakketsje op mei drûge woarst of sûkerbôle. Dus dat is wol lekker. It Frysk praten mis ik ek wol."
Jelmer de Vries
Mei Operaasje Fryske Flagge sammelet Omrop Fryslân foto's fan Friezen om utens fan oer de hiele wrâld, om sa sjen te litten hoe ynternasjonaal de Fryske flagge is. It ultime doel: foarinoar krije dat der in Fryske flagge-emoji komt.
Meidwaan? Stjoer dyn foto yn fia de Operaasje Fryske Flagge-side. Alle wiken belje we yn ús radioprogramma De middei fan Fryslân mei in Fries om utens.
Al mear as 200 ynstjoeringen binne op de kaart pleatst.