ARGYF: De opkomst fan Falentynsdei yn Fryslân
It is altyd wer in spannende dei: falt der in kaart op 'e matte of wurdt der miskien in bosk roazen besoarge? Alle jierren set de kommersje grut yn Falentynsdei, fan oarsprong in Amerikaansk fenomeen. Omrop Fryslân hifke yn 1995 by ferskate winkels nei de Falentynsferkeap, mar der waarden doe noch benammen kaarten ferkocht.
ARGYF: Falentynsdei 1995
Trend
It gebrûk fan in ferrassing of in leafdesferklearring op 14 febrewaris krige lykwols yn de rin fan jierren hieltyd mear wizânsje. Yn 1997 koe der al fêststeld wurde dat jong en âld meidie mei de trend.
ARGYF: Falentynsdei
Moarnsbrochje
En yn 2004 waard al flink wat oan Falentyn útjûn. Sa hiene guon bakkers it smoardrok mei it rûnbringen fan ferrassingsmoarnsbrochjes.
ARGYF: Falentynsdei 2004
Wa wie Falentyn?
Mar wa wie dy Falentyn no eins? Pastoar Van der Wal leit it út yn dit fragmint út 2001.