Liveblog | 14 febrewaris 2021

WINTERBLOG: Warskôging foar izel moandei, Thússoarch ôfskaald

It is winter yn Fryslân. Folgje yn dit liveblog de situaasje yn de provinsje fan minút oant minút.
Lêst bywurke: 15 febrewaris 2021, 09:19
20:56

Thússoarch ôfskaald

Thússoarchorganisaasje Het Friese Land sil moarndeitemoarn allinnich needsaaklike soarch leverje. Dit yn ferbân mei koade read fanwege de glêdens. Der sil yn oerlis sjoen wurde hokker soarch needsaaklik is. Dêrnjonken sil sjoen wurde oft soarchferliening ek troch famylje as mantelsoargers dien wurde kin.
De fersoargenden moatte moandei sels sjen oft it fertroud is, en kontakt opnimme mei harren kliïnten.
20:53

Veiligheidsberaad tefreden

It reedrydwykein is, wat de coronamaatregels oanbelanget, neffens it Veiligheidsberaad goed ferrûn. It winterske waar, wêrby't minsken op 'en paad wiene om te riden, soarge op guon lokaasjes foar drokte, mar neffens it Veiligheidsberaad koene gemeentes op tiid maatregels nimme.
19:37

GGD hâldt moandeitemoarn test- en faksinaasjelokaasjes ticht

Fanwege de ferwachte glêde diken hâldt de GGD moandeitemoarn harren test- en faksinaasjelokaasjes ticht. Foarearst is it de bedoeling dat dit oant twa oere middeis duorret. It KNMI hat koade read ôfjûn foar it hiele lân yn ferbân mei izel. "Heeft u een afspraak staan voor een test of vaccinatie op maandagmorgen, kom dan niet naar de locatie", sa lit de GGD witte. Der sil per regio sjoen wurde wannear't lokaasjes wer iepen kinne. De glêdens komt fanút it suden oer ús lân hinne en berikt Fryslân as ien fan de lêste provinsjes.
De GGD sil besykje om streekrjocht kontakt op te nimmen mei minsken dy't al in faksinaasje-ôfspraak stean hiene. Op de website fan de sûnensorganisaasje is it lêste nijs hjiroer te finen.
19:09

Let op: izel!

It KNMI warskôget foar glêde diken moandeitemoarn, troch izel.
18:38

Angenent folbring Njoggenstêdetocht

De Alvestêdewinner fan 1997 Henk Angenent is snein om seis oere hinne foar de twadde kear yn syn libben oer de einstreek op de Bonkefeart kaam. Hy die dit mei Syb van der Ploeg en dy syn broer Jacob. De ploech ried snein op eigen manneboerd de Alvestêdetocht. Net folslein dizze kear, want grutte parten fan de rûte wiene net mear te beriden troch de minne-iiskwaliteit en it teiwaar. Ek hie Angenent lêst fan syn knibbel. Dêrtroch waard de Alvestêdetocht úteinlik in Njoggenstêdetocht.
© Kappers Media
18:05

Trije generaasjes Kramer op natueriis