De Jong kin hattrick kompleet meitsje op 1.500 meter, Bergsma sjocht trije kânshawwers op de tsien

14 feb 2021 - 07:30

De Fryske medaljeteller op it WK ôfstannen stiet nei trije dagen al op seis, mar dêr kinne op de lêste dei samar noch wat bykomme. Jorrit Bergsma fan Aldeboarn is kânshawwer op de 10.000 meter en ek Ireen Wüst fan It Hearrenfean docht op de 1.500 meter mei om de medaljes. Antoinette de Jong fan Rottum kin snein har gouden hattrick sels kompleet meitsje mei in oerwinning op de 1.500 meter.

Foto: Omrop Fryslân

Programma fan de Fryske reedriders:

  • 12.35-13.16 1.500 meter froulju mei Antoinette de Jong en Ireen Wüst
  • 15.35-17.21 10.000 meter manlju mei Jorrit Bergsma

Op de radio is de fjirde dei fan it WK ôfstannen live te folgjen by Omrop Fryslân. Ut Thialf wei docht Andor Faber it kommentaar.

1.500 meter

De grutste kânshawwer op dizze ôfstân is sûnder mis de Amerikaanske Brittany Bowe. Sy wûn dit seizoen beide wrâldbekers op de 1.000 en 1.500 meter en sneon waard se ek mei ôfstân wrâldkampioen op de 1.000 meter.

Wüst tinkt lykwols dat it ferskil dat der op de wrâldbekers wie, wol te oerbrêgjen is. "Het is gewoon een andere wedstrijd, dus ik denk niet dat je moet rekenen in bepaalde verschillen die er nu waren", seit Wüst. "Ik heb al vaak bewezen dat op het moment dat het moet gebeuren, dat het kwartje dan vaak de goede kant op valt."

Ek De Jong tinkt dat Bowe te ferslaan is, mar dan moat se wol in hiel goede earste ronde ride. "Ik moat echt yn de 27 sitte, oars is it gat wol hiel dreech te oerbrêgjen", seit De Jong, dy't dit wykein al wrâldkampioen waard op de 3.000 meter en de ploege-efterfolging en har hattrick dus kompleet meitsje kin. "Ik ha foaral nocht om gas te jaan en it gewoan te probearjen", seit de Rottumse.

Antoinette de Jong en Ireen Wüst oer de 1.500 meter

10.000 meter

Op de langste ôfstân op it WK is sûnt in pear wiken ynienen in nije serieuze kânshawwer foar de titel: de Sweed Nils van der Poel. Op de 5.000 kilometer pakte hy sels al de wrâldtitel. De coach fan Bergsma, Jillert Anema, tinkt dan ek dat hy de favoryt is. Bergsma kin him dêr wol yn fine. "Dat is de upcoming man natuerlik. Hy hat moaie tiden sjen litten de ôfrûne wiken", seit Bergsma.

Ek Roest wie dit seizoen oant no ta better op de 10.000 meter as Bergsma, mar dat wol net sizze dat de Fries al bliid is mei in brûnzen medalje. "Absolút net. Ik wol gewoan in moaie rit delsette. As ik in moaie rit delset, dan soe it samar genôch wêze kinne foar it earste plak. It hinget ek fan de foarm fan de oare twa ôf. Ik tink dat we alle trije kâns hawwe", sa seit Bergsma.

Jorrit Bergsma oer de 10.000 meter

(Advertinsje)
(Advertinsje)