Aris hurd ûnderút tsjin Donar

13 feb 2021 - 22:36

De basketballers fan Aris binne sneontejûn hurd ûnderút gien tsjin de Grinzer spilers fan Donar. It waard 58-89 foar Donar.

Giannis Dimakopoulos - Foto: Aris

Donar hie de hiele wedstriid de hân oan it stjoer, en Aris kaam der nea oan te pas. De Ljouwerters krigen gjin momint de kâns om yn de wedstriid te kommen. Nei it earste kwart stie it 13-19, healweis 28-42 en nei rêst rûn de efterstân op nei 31 punten.

Trefwurden: 
Aris basketbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)