Wrâldkampioene Marijke Groenewoud koel nei ôfrin: "Nochtere Fries, dochs?"

13 feb 2021 - 21:52

It is de earste wrâldtitel yn de karriêre fan Marijke Groenewoud, mar dochs is de reedrydster fan Hallum nei ôfrin hiel rêstich. Sterker noch: se jûge net iens doe't se oer de finish kaam. "Ik hie it earst net iens troch, mar no komt it besef wol stadichoan." Bûnscoach Jillert Anema, dy't ynfoel foar Jan Coopmans, is nei ôfrin just nét bliid mei de prestaasjes fan de Nederlânske riders. "We binne der deasiik fan."

Marijke Groenewoud nei de massastart

De ferrassing is grut, om't yn it foar Irene Schouten de grutte favorite is. Se is twafâldich wrâldkampioene, mar hellet úteinlik in brûnzen medalje. Groenewoud giet der mei de wrâldtitel fan troch. "It is net neat, ik bin der ek hartstikke grutsk op. We wurde hjir earste en tredde, dus dat is hartstikke moai!" Mar wêrom sjogge we net in Groenewoud dy't út de skroeven is, dan? "Je binne in nochtere Fries, dochs?" Se sil har dan letter hjoed of moarn ek neat gean litte nei har oerwinning. "Gewoan normaal dwaan, dan dogge je al gek genôch."

Yn de finale by de froulju is der noch in lyts misferstân, wêrtroch Schouten te let oansette, sa seit Groenewoud. "Ik soe as it in stadige finale wie op 700 meter fan de finish oangean en as it in rappe finale wie op 500 meter. Doe hiene we in miskommunikaasje. Jillert sei op 500 meter en Irene tocht op 700 meter. Dus ik bin gien op 650 meter. Foar mysels wie it hiel goed, mar ik tink dat Irene dêrtroch yn it gedrang kaam."

Arjan Stroetinga nei de massastart

Foar Arjan Stroetinga fielt de sulveren medalje dochs wat nuver. "It is allinnich de wrâldtitel dy't telt", sa seit er fuort nei ôfrin fan de wedstriid. "Twadde, je komme der net foar mar it is úteinlik wol in medalje." Stroetinga kaam krekt lykas Schouten by de froulju, yn it gedrang te sitten. "Ja dan witst dat it lestich wurdt."

Stroetinga baalt net allinnich foar himsels, mar ek foar syn ploechgenoat Jorrit Bergsma. Dy moast yn it begjin fan de race al in soad wurk dwaan en kaam der dêrtroch yn de einsprint net mear oan te pas. "Hy offeret al syn eigen kânsen op. Somtiden rint it sa, en dan is it gewoan kloaten foar ús."

It wykein sit der foar Stroetinga no op, hy mei nei fjouwer wiken 'bubbel' no lang om let wer nei hûs ta. En dêr is er bot oan ta: "Moarn noch eefkes mei de bern op it natueriis, dan is it twadde plak ek gau wer fergetten."

Jillert Anema nei de massastart

Je soene sizze dat de bûnscoach bliid is mei in gouden, sulveren en brûnzen medalje. Mar, dêr is neat fan wier sa fertelt Anema: "Der is gjinien bliid. Dit wie net wêr't we foar giene. Beslissende dinkjes geane mis en as team sitte we mear mei de dingen dy't mis geane as dy't goed geane."

Wat gie der dan krekt mis yn de eagen fan Anema? "We hawwe in oantal riders dy't mei-inoar ôfspraken meitsje en we kinne de riders, mar we traapje der wer yn. Dat is om deasiik fan te wurden. Dêr sitte we efkes mei", dêrmei doelt Anema op bygelyks Peter Michael, dy't net fuortkomme mocht mar wol al yn it begjin fuort sprong. "Dat witte we dat dat sa is en dochs traapje we der wer yn. Dan rinne we de hiele wedstriid efter de feiten oan."

Anema is wol bliid dat Groenewoud úteinlik wrâldkampioen wurdt, al seit er dat net mei safolle wurden: "Har falt neat te ferwiten, se hat riden foar wat se wurdich wie en se hat it kreas dien. Irene is normaal sprutsen de fluchste en komt der dan noch omhinne. Dat slagge net. We gokten op in ien-twa'tsje en dat slagget dan net, dêr binne we siik fan."

De coach fan Bontebok is der siik fan dus, safolle mei dúdlik wêze. Mar segrinich, nee, dat is er net. "Want dan sneuvelet der wat. Mar, dat is net bard. Miskien sneuvelet der jûn noch in buorreltsje", slút de coach ôf.

(Advertinsje)
(Advertinsje)