SC Hearrenfean moat mooglik tsjin Ajax yn de heale finale fan de KNVB beker

13 feb 2021 - 21:30

Sportklup Hearrenfean moat it yn de folgjende ronde fan de KNVB beker opnimme tsjin Ajax. Mar foar't it safier is moatte de Feansters earst noch winne fan Feyenoord.

Spilers Hearrenfean fiere de 1-1 - Foto: Orange Pictures

De kwartfinale fan de beker hie eins ôfrûne woansdei ferspile wurde moatten. Mar om't it fjild yn it Abe Lenstrastadion te min wie troch de winterske omstannichheden is derfoar keazen om de wedstriid mei in wike út te stellen. SC Hearrenfean - Feyenoord wurdt no spile op woansdei 17 febrewaris.

De winner fan dy wedstriid moat it dan op 2, 3 of 4 maart opnimme tsjin Ajax. Dy ploech stiet op dit stuit earste yn de kompetysje. Hearrenfean soe thús spylje, as se de wedstriid spylje meie.

Trefwurden: 
SC Hearrenfean KNVB beker
(Advertinsje)
(Advertinsje)