It kin net: terreinwein troch it iis sakke by Gerkeskleaster

Unbekenden hawwe sneontejûn mei in terreinwein besocht it iis te betwingjen. Dat slagge in skoftke, mar úteinlik moast de swiere auto belies jaan.
© Eigen foto
De auto sakke úiteinlik troch it iis hinne, en bedarre foar de helte ûnder wetter. It is net bekend hoe't it mei de bestjoerder is.
Foar't de auto troch it iis sakke is op ferskate filmkes op sosjale media te sjen dat er rûntsjes rydt op it iis fan De Lauwers.
Yn de rin fan de jûn is in kraan ynskeakele om de auto wer út it wetter te heljen. De koplampen baarnden noch doe't it gefaarte wer nei it drûge takele waard. Wat de fierdere skea oan de auto is, is net bekend.
© Eigen foto