Fjouwermansbob krekt bûten de top 20
Dennis Veenker en syn ploechgenoaten binne mei de fjouwermansbob op it 21ste plak bedarre by it WK yn Altenburg.
Veenker sette mei piloat Ivo de Bruin, Janko Franjic en Joost Dumas in 23ste tiid del yn de earste run. Yn de twadde run wie de fjouwermansbob stadiger. Mar dêrnettsjinsteande klom de ploech in pear plakken yn it klassemint.
Veenker en syn ploechgenoaten moatte snein nei de tredde run yn de top tweintich stean om fan start te meien yn de fjirde run.