Tsientallen iisslachtoffers melde har by sikehûs

De Fryske sikehûzen hawwe it dit wykein smoardrok hân mei iisslachtoffers. Minsken waarden benammen binnenbrocht mei brutsen bonken, mar guon wiene ek hurd op de holle fallen.
© Omrop Fryslan, Aise van Beets
By it MCL yn Ljouwert binne sneon yn totaal 76 minsken behannele foar ferwûnings by it reedriden. It grutste part fan harren hie in brutsen pols, 37 yn totaal. Oaren hiene ûnder oare lêst fan in brutsen heup, in brutsen ankel en letsel oan de holle. Om de stream oan pasjinten oan te kinnen hat it Ljouwerter sikehûs ekstra personiel ynset, achttjin yn totaal.
Fierderop yn Drachten krige sikehûs Nij Smellinghe 29 pasjinten mei reedrydletsel. De dei dêrfoar wiene der ek al 32 minsken behannele foar brutsen bonken. Op it Hearrenfean waarden 40 iisslachtoffers binnenbrocht by de Tsjongerskâns.
Ek it Antonius Sikehûs yn Snits skaalde op mei ekstra personiel krekt lykas it MCL. Guon minsken moatte letter werom komme om't harren brutsen bonken dreger te behanneljen binne. Sy krije op it letter momint noch in operaasje.