LDODK ferliest topper tsjin PKC mei romme sifers

LDODK hat de topper tsjin PKC sneontemiddei mei romme sifers ferlern. Op De Gordyk waard it 33-22 foar de besikers út Papendrecht.
© Orange Pictures
LDODK kaam sterk út de startblokken. Healweis de earste helte stiene se nei in skoare fan Ran Faber sels mei 10-8 voor. Diana van der Vorst stie foar it earst sûnt maart ferline jier wer yn de basis. Wessel Bergsma makke syn basisdebút by De Gordyksters. PKC naam yn de slotfaze it inisjatyf oer en gie mei fjouwer goals ferskil it skoft yn: 12-16.

Maatsje te grut

Dat waard yn de twadde helte net mear goedmakke. Diana van der Vorst makke mei har tredde treffer it ferskil noch ien kear wat lytser (13-16), mar de Papendrechters skoarden flotter en wiene ek sterker yn de rebound. De koprinner fan poel A yn de Kuorbal League rûn úteinlik ietwat flattearre, mar wol terjochte út nei de winst: 33-22.
Ran Faber LDODK ferliest tsjin PKC
LDODK stiet nettsjinsteande de nederlaach noch hieltyd op it twadde plak yn de poel. It gat mei koprinner PKC is wol oprûn nei fjouwer punten. De earste fjouwer teams fan elke poel pleatse harren foar de play-offs om it lânskampioenskip.
Diana vd Vorst LDODK ferliest tsjin PKC

KUORBAL LEAGUE

GROEP A DUELS PUNTEN
1. PKC 5 10
2. LDODK 5 6
3. Blauw Wit (A) 5 6
4. Groen Geel 5 4
5. KZ 5 4
6. Oost-Arnhem 5 0