Winterwaar soarget ek foar unike dûkmominten: "Neat sa moai as ûnder it iis!"

13 feb 2021 - 17:53

Der is dit wykein net allinnich wille op iis, mar ek derûnder. Leden fan de dûkferiening fan It Hearrenfean nimme in dûk ûnder it beferzen wetter. "Het geeft een gevoel van absolute rust," seit Jos de Schiffart. "Je bent even helemaal met jezelf alleen."

Spesjale iisdûk yn Emmeloord

"Kijk, op dit moment lopen er net twee duikers het ijs op", begjint De Schiffart syn ferhaal fol entûsjasme. Hy is as dûkynstrukteur oanwêzich om de tsien dûkers te helpen. Net allinnich de sinne glinsteret, mar ek de eagen fan Jos stean fol kleur. Hy wiist nei twa dûkers dy't yn de fierte it iis oprinne. Beide binne klaaid yn in grut swart pak mei twa luchtflessen op de rêch. Ticht by de wâlkant klikt in man mei in hispel de dûkers fêst oan in tou. "Zo raken we ze niet kwijt en kan er niks gebeuren," seit De Schiffart.

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Ien fan de earste dûkers is Aukje de Jong. "Ik stean der wat dûbeld yn", laket se wylst se it wek yn rint. "It liket my hiel moai, mar it is ek foar it earst dat ik dit doch. Dus spannend is it ek." Nei in bemoedigjend knikje fan de ynstrukteur docht Aukje de bril op en klimt fia in ljedder it wetter yn. Nei in grutte plûns is sy fuort.

"Het is een gevoel van vrijheid," seit Jos wylst hy oan it tou lûkt om Aukje yn de gaten te hâlden. "Het is vrij uniek om dit te doen, want het vriest niet zo vaak meer. Het mooiste is de speling van het licht. Je hebt een fysiek plafond boven je, dat is het speciale."

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort by it iisdûken

Jos ûnderbrekt syn ferhaal om't der oan it tou lutsen wurdt. Aukje moat it wetter wer út, om't har tiid om is. "It is sa ferskriklik moai," ropt Aukje wylst se nei de wâl rint. "Je sjogge fan dy prachtige Jacobsladders en de luchtbellen lykje op in lava-lampe. It wie foar my de earste kear, mar net de lêste. Neat sa moai as in dûk ûnder it iis!"

Trefwurden: 
snie winter winterwaar Iisduke
(Advertinsje)
(Advertinsje)