Marijke Groenewoud pakt wrâldtitel op de massastart, sulver foar Stroetinga

13 feb 2021 - 17:10

Marijke Groenewoud fan Hallum hat in gouden medalje wûn by de massastart op it WK ôfstannen. De Friezinne wie yn de einsprint flugger as de Kanadeeske Ivanie Blondin en Irene Schouten. It is de earste wrâldtitel yn de karriêre fan de 22-jierrige Groenewoud. By de manlju pakte Arjan Stroetinga in sulveren medalje.

Marijke Groenewoud nei de massastart

Groenewoud ried yn de einfaze al hiel betiid op kop. De maratonrydster sprinte goed oardel ronde foar de ein fan kop ôf en joech dy foarsprong net mear fuort. Efter har foelen noch wol in tal froulju, mar dêr wie de Friezinne net by belutsen.

Har ploeggenoate Schouten is gewoanwei de ôfmakker fan de twa, mar sy siet net goed positionearre yn it peloton en kaam dêrtroch fêst te sitten. Sy pakte úteinlik noch wol it brûns.

Foto: Orange Pictures

Utslach massastart froulju

1. Marijke Groenewoud (NED) 60 punten
2. Ivanie Blondin (KAN) 42 punten
3. Irene Schouten (NED) 20 punten
4. Francesca Lollobrigida (ITA) 14 punten
5. Linda Rossi (ITA) 8 punten

Sulver foar Stroetinga

By de manlju pakte Arjan Stroetinga in sulveren medalje. Yn de einsprint wie de Amerikaan en twafâldich wrâldkampioen Joey Mantia him de baas. It brûns wie foar de Belch Bart Swings.

Jorrit Bergsma moast yn it begjin fan de race al in soad wurk dwaan en kaam der dêrtroch yn de einsprint net mear oan te pas en waard úteinlik sande.

Utslach massastart manlju

1. Joey Mantia (FS) 60 punten
2. Arjan Stroetinga (NED) 40 punten
3. Bart Swings (BEL) 21 punten
4. Jordan Belchos (KAN) 10 punten
5. Peter Michael (NSL) 9 punten
7. Jorrit Bergsma (NED) 4 punten
(Advertinsje)
(Advertinsje)