VC Snits ferliest mei 3-0 fan koprinner Apollo 8

13 feb 2021 - 16:49

De follybalsters fan VC Snits hawwe sneontemiddei mei 3-0 ferlern fan koprinner Apollo 8 út Borne.

Foto: orange-pictures.nl

De Snitsers koene eins allinnich yn de twadde set wat meikomme mei de koprinner fan de kompetysje. Se ferlearen de sets mei 25-15, 25-20, en 25-13.

VC Snits stiet op dit stuit fyfde yn de kompetysje. It seizoensdoel fan de Sniters is om úteinlik in plakje by de earste fjouwer te pakken. Dizze plakken jouwe rjocht op dielname oan de play-offs. It is dreech foar de Snitsers omdat der in soad konkurrinsje is foar de heechste plakken. De teams ûntrinne inoar net al te bot. Der wurdt dit jier mar in heale kompetysje spile, dus in ferliespartij telt fuort dûbeld.

Takom wike spilet VC Snits thús tsjin Set-up '65 út Ootmarsum.

Trefwurden: 
follybal VC Snits
(Advertinsje)
(Advertinsje)