Suzanne Schulting achtste op 1.000 meter, WK-goud foar Bowe

Suzanne Schulting is sneontemiddei op it WK ôfstannen achtste wurden op de 1.000 meter. Yn Thialf op It Hearrenfean kaam de Friezinne ta in tiid fan 1.16,03. It goud gie nei Brittany Bowe mei 1.14,12. Jutta Leerdam pakte it sulver mei 1.14,67. De brûnzen medalje wie mei 1.14,84 foar Jelizaveta Goloebeva.
Suzanne Schulting ried, krekt as freed op de 500 meter, yn de earste rit. Dy rit wûn se mei grutte ôfstân fan Ellia Smeding fan Harns, dy't útkomt foar Grut-Brittannië. Smeding kaam nei 1.19,86 oer de streek en einige dêrmei as 23e.
De tiid fan Schulting stie lange tiid boppe-oan. Pas yn de achtste rit gie de Poalske Karolina Bosiek der mei 1.15,79 ûnder. Ek dy tiid wie net genôch foar it goud. In rit letter ried de Russyske Olga Fatkoelina 1.15,03.
Yn de ien-nei-lêste rit joech Brittany Bowe in masterclass oan de rest fan it fjild. De Amerikaanse ried 1.14,12 en wie dêrmei ek in stik flugger as har direkte tsjinstanner: Jutta Leerdam (1.14,67). Yn de lêste rit kamen Jelizaveta Goloebeva en Natalia Czerwonka net oan dy tiden. Goloebeva pakte mei 1.14,84 wol it brûns.
© Orange Pictures

Utslach 1.000 meter

1. Brittany Bowe (FS) 1.14,12
2. Jutta Leerdam (NED) 1.14,67
3. Jelizaveta Goloebeva (RUS) 1.14,84
4. Olga Fatkoelina (RUS) 1.15,03
5. Jorien ter Mors (NED) 1.15,27
8. Suzanne Schulting (NED) 1.16,03
23. Ellia Smeding (GBR) 1.19,86