Auto by Ljouwert op de kop troch it iis

13 feb 2021 - 15:50

Op de N31 by Ljouwert is sneontemiddei in auto njonken de dyk rekke. De auto fleach oer de kop en bedarre ûndersteboppe yn de njonkenlizzende sleat. Hjir stie op dat stuit iis yn.

Foto: Noordernieuws

De bestjoerder ferklearre neffens tsjûgen dat er de macht oer it stjoer kwytrekke wie, doe't er wat út it dashboardkastje helje woe. De bestjoerder is troch omstanners út de auto helle. De ambulânse hat him dêrnei behannele foar syn ferwûnings.

Trefwurden: 
Ljouwert ûngelok
(Advertinsje)
(Advertinsje)