188 nije coronabesmettings yn Fryslân, minder as freed

13 feb 2021 - 15:22

It RIVM meldt sneon 188 nije coronabesmettingen yn Fryslân. Dat binne 15 minder as freed, doe wiene it 203.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

De measte nije besmettingen binne meld yn Ljouwert, mei 36. Dêrnei folget Smellingerlân mei 21 besmettingen.

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren twa stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. It giet om ynwenners fan de gemeenten Ljouwert en Súdwest-Fryslân.

Der binne ek twa Friezen yn it sikehûs opnaam mei corona. It giet om minsken út Ljouwert en Noardeast-Fryslân.

Lanlik meldt it RIVM 4.229 nije besmettingen.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.

(Advertinsje)
(Advertinsje)