Groenewoud wint heale finale massastart, ek Bergsma en Stroetinga nei WK-finale

Jorrit Bergsma, Arjan Stroetinga en Marijke Groenewoud hawwe sneontemiddei op de WK ôfstannen de finales fan de massastart berikt. Groenewoud die dat mei in oerwinning yn de heale finale. Ek de oare Nederlânske dielnimster, Irene Schouten, helle de finale mei in oerwinning yn de heale finale.
© Orange Pictures
In plak by de earste acht jout rjocht op in plak yn de finale. Om dat klassemint op te meitsjen wurdt sjoen nei it tal punten dat behelle is. Dy punten binne te fertsjinjen by tuskensprints ûnderweis en by de finish.
Yn de heale finale fan Bergsma hellen de Rus Danila Semerikov en de Eastenriker Gabriel Odor in ronde foarsprong op it peloton. Bergsma kaam úteinlik, efter de Kanadees Jordan Belchos, as twadde fan dat peloton oer de streek. Dat wie genôch foar in plak yn de finale.
Ek yn de race fan Stroetinga kamen der twa mannen mei grutte foarsprong oer de streek: Ruslan Zakharov en Peter Michael. Stroetinga kaam úteinlik as fiifde oer de streek. Dat levere him genôch punten op.

Groenewoud wint

By de froulju helle Groenewoud by de tuskensprints gjin inkeld punt, om't se gokte op de einsprint. In plak by de earste fiif yn dy einsprint soe yn alle gefallen genôch wêze foar in finaleplak. Mei grutte oermacht skreau de Hallumse dy úteinlik op har namme.
De finale fan de froulju is letter op sneontemiddei om 16.58 oere. De manlju ride om 17.15 oere harren finale.