Dokterswacht Fryslân oerbelêste troch iisûngelokken

13 feb 2021 - 13:06

De Dokterswacht Fryslân is oerbelêste troch alle ûngelokken op it iis dy't sneon bard binne. It giet om fiif húsdokterposten yn de provinsje, wêrfan't ek de telefoanlinen hast net mear te berikken binne. De Dokterswacht freget minsken mei iisrelatearre ferwûningen dêrom harren telefoantsje út te stellen oft begryp te hawwen foar in lange wachttiid.

Foto: Omrop Fryslân

De meast foarkommende ferwûningen binne brutsen polzen en heupen, snijwûnen oan de foarholle en harsensskoddingen. De Dokterswacht advisearret minsken dêrom om polsbeskermers en helmen te dragen by it reedriden. Om blessueren oan de heup foar te kommen kin bygelyks in stik karton yn de broek dien wurde. Dit soarget derfoar dat de klap fan in fal mear ferdield wurdt.

By in fal is it neffens de Dokterswacht wichtich om direkt te kuoljen. As it lichemsdiel noch te bewegen is, dan is de kâns lyts op in brutsen bonke en kin kontakt mei in dokter wachtsje. By in mooglike brutsen heup of oare slimme ferwûningen is it wol wichtich om direkt it neednûmer (1-1-2) te beljen foar in ambulânse.

(Advertinsje)
(Advertinsje)