Nij boek mei 22 portretten toant it kafee "as de siel fan it doarp"

Fryslân telt noch sa'n fjouwerhûndert doarpskafees. In 20 prosint minder as earder, mar de kealslach is folle minder as bygelyks yn Grinslân. Fotograaf Anna Huizinga lei twaëntweintich doarpskafees fêst yn meardere foto's en sjoernalist Wio Joustra skreau der ferhalen by. It resultaat is it boek Van Spanga tot Moddergat. Het café als ziel van het Friese dorp.
Anna Huizinga en Wio Joustra foar it kafee yn Blauhûs © Omrop Fryslân, Geartsje de Vries
Huizinga begûn yn Spangea, dêr't noch in hiel âld kafee stiet. "Toen ik die foto's gemaakt had, bedacht ik dat ik meer dorpskroegen wil vastleggen." De basis foar it boek wie dêr mei lein. Tegearre sochten Joustra en Huizinga de kroegen út. "Wy woene echte doarpskafees, dus de kafees yn lytsere doarpen en net yn rekreaasjegebieten. It giet ús om de funksje fan it kafee yn it doarp."
Yn in soad doarpen is dy funksje de ôfrûne jierren feroare. In kroech allinnich foar de eigen ynwenners mei drank en miskien noch in flaubyt, leannet net mear. In soad kafees binne ytkafees en restaurants wurden.

Kafee Bergsma Easterein

It is ek opfallend dat in soad doarpskafees útbate wurde troch jonge minsken. De 26-jierrige Jellien Pompstra is útbater fan kafee Bergsma yn Easterein. It kafee is hjoed-de-dei in restaurant mei in opfallende menukaart. Boppedat is der noch in sealekompleks dat brûkt wurdt foar feesten, konserten en eveneminten. "Ik bin hjir as 14-jierrich famke begûn yn de ôfwaskkeuken en doe die de mooglikheid him foar dat ik it oernimme koe. Sa'n kâns kinst net rinne litte. It is in trein dêr't ik wol ynstappe moast, want ik wist net oft dy trein wol wer foarby komme soe" fertelt Jellien.
Geartsje de Vries praat mei Anna Huizinga en Wio Joustra
In side út it boek oer kafee Bergsma yn Easterein © Anna Huizinga

Kafee yn Jorwert

Ek it kafee yn Jorwert is yn hannen fan in jonge eigner. Emke Dykstra wie al in pear jier útbater en fan jannewaris 2020 ôf ek eigener fan 'it Wapen fan Baarderadeel'. De kroech draait foaral op de jierlikse merke en it iepenloftspul, mar in goed bestean kin Emke Dykstra der net fan ha. "Ik ha ek noch oar wurk en dat moat ek wol, want oars koe it net."
Emke syn pake - ek in Emke Dykstra - stie ek achter de taap fan it doarpskafee en dat jout wol wat spesjaals fynt de jonge ûndernimmer, dy't de lockdown brûkt om it kafee hielendal op te knappen. "Dat kin no moai. It wie heechnedich dat it plafond steviger makke waard, want der koe op de boppeseal net mear dûnse wurde. No wol wer; in izeren balke oer de hiele breedte soarget derfoar dat wy der net trochhinne gean." Der komt ek dûbeld glês en kezinen wurde ferfongen. "As lêste sauzje wy alles wer yn de orizjinele, âlderwetske kleuren."

Hûskeamer fan it doarp

Neffens stamgast Douwe de Bildt nimt de kroech yn Jorwert noch altyd in sintraal plak yn. "It is de hûskeamer fan it doarp. Freedtejûns by it biljerten krije wy in update fan alles wat der bard is en wat wy mist hiene. Dan binne wy wer hielendal by."
Tagelyk is it ek it doarpshûs. "Ik moat der net oan tinke dat wy yn sa'n nijmoadrich gebou oan 'e râne fan it doarp ús fergaderingen hâlde moatte." De Bildt wennet al fyftich jier yn it doarp en wit moai te fertellen oer eartiids. "Der is hjir hiel wat ôfswetst. Sa siet ik hjir in kear....." en dan komt der wer in prachtich ferhaal oer fiten dy't hy en oare doarpsbewenners úthellen.
Grand café de Freonskip mei de Prins Karnaval portretten © Anna Huizinga

Kafee yn Blauhûs

Yn kafee de Freonskip yn Blauhûs is útbater Gerda de Wolff oan it klussen, wylst har man, Gerard lunchpakketten rûnbringt. "Ach ja, sa fertsjinje ik noch wat yn dizze coronatiid en ik mei graach autoride."
By binnenkomst yn it kafee falt ien muorre daliks op: der hingje 53 portretten fan prinsen Karnaval. It is fuortdaliks dúdlik dat it om in kafee yn in roomsk doarp giet. "It karnaval, de merke en it túnfeest. Dat binne de dagen dat ik it fertsjinje moat" seit Gerard de Wolff. Al kin der simmerdeis ek in goed ynkommen helle wurde út it terras. "Der komme hjir in soad fytsers en kuierders del en dy stekke dan even oan. Hiel gesellich."
de foarkant fan it boek © Anna Huizinga

Boek

It boek mei de twaëntweintich portretten fan doarpskroegen is al in skoftke klear, mar troch corona noch net útbrocht. Begjin dit jier is in yntekenaksje opset: minsken koene yntekenje op it boek. As der twahûndert kear yntekene wie, soe it boek der komme. Dat oantal wie samar berikt. In soad yntekenders keazen foar de opsje om it boek by harren favorite kafee op te heljen. Ek as der net yntekene is, kin it boek oanskaft wurde want fan ein febrewaris ôf kin it ek online besteld wurde by de boekhannel.
Yn it radioprogramma Buro de Vries op snein 14 febrewaris tusken 11:00 en 12:00 oere in ferslach fan de 'kroegetocht' dy't ferslachjouwer Geartsje de Vries makke mei de gearstallers fan it boek Wio Joustra en Anna Huizinga.