Age Dijkstra ried fan Ljouwert nei Dokkum en werom, syn advys: "Doch it net"

13 feb 2021 - 12:28

Reedrydleafhawwer Age Dijkstra út Ljouwert is freed fan Ljouwert nei Dokkum, in stik fan de Alvestêderûte, en werom riden oer it iis. It wie in meunstertocht; hy hat der 6,5 oere oer dien. Dizze sneon stiet er wer op de redens.

Foto: Eigen foto

"It wie swier iis, it wie hartstikke min," seit Age Dijkstra. "Der wie net folle op riden, dus der wienen amper noch skuorren. It iis wie bobbelich, it wie snie-iis mei wynwekken."

Sels is er drûch bleaun, mar hy hat wol ien sjoen dy't troch it iis sakke wie. "It is dus wol oppassen geblazen." Troch it minne iis, koe er net echt faasje meitsje. "En moatst eins wol trochride, oars skuort it dy ûnder de fuotten wei."

Syn advys is dan ek om net dit stik te riden. "Net dwaan, it is te gefaarlik. Foaral it lêste stik wie it iis miskien mar fjouwer sintimeter en it golve ek wat. As dêr in soad minsken oerhinne gean, dan giet it mis."

Dijkstra stiet dizze sneon wer op redens, hy wie tusken de middei op de Bonkefeart. "It iis hjir is wol reedlik, mar der binne wol in soad minsken."

Age Dijkstra

(Advertinsje)
(Advertinsje)