ARGYF: Earste Fryske suksessen op it WK ôfstannen

Op de earste edysje fan it WK ôfstannen yn 1996 yn it Noarske Hamar wie der gelyk al Frysk sukses. By de froulju waard Annamarie Thomas twa kear wrâldkampioen en by de manlju helle Ids Postma fan Dearsum as earste Fries it goud op de 5.000 meter. By it WK yn 1999 yn Thialf waard Postma earste op de 1500 meter. Heit Postma hie dêr earst noch net sokke hege ferwachtings fan. Sjoch nei de argyfbylden fan Omrop Fryslân út 1999:
Ids Postma op it WK yn 1999

Huldiging yn Bantegea

Annamarie Thomas kaam fan it earste WK ôfstannen werom mei in gouden medalje foar sawol de 1000 as de 1500 meter. Foar de pleatslike iisklup yn har wenplak Bantegea it teken om in huldiging ta te rieden. Omrop Fryslân wie derby en prate yn 1996 ek even mei har grutske broer.
De huldiging fan Annamarie Thomas yn Bantegea

De Bear fan De Lemmer

In jier letter kaam it Fryske sukses fan Rintje Ritsma fan De Lemmer. Hy sammele yn 1997 yn Warschau trije medaljes: twa gouden foar de 1500 en 5000 meter, en ien sulveren foar de 10.000 meter.
Rintje Ritsma yn 1997 nei de winst op de 5000 meter op it WK Ofstannen yn Warschau © Omrop Fryslân

Foar it earst op It Hearrenfean

Yn 2021 wurdt it WK ôfstannen foar de fjirde kear op It Hearrenfean hâlden. De earste kear wie yn 1999; media en publyk wiene der hielendal op klear.
It WK yn Thialf yn 1999

Rekôrhâlder Sven Kramer

Yn 2012 en 2015 waarden de ôfstannen ek op it iis fan Thialf ferriden. Sven Kramer pakte beide kearen it goud op de 5000 meter.
Sven Kramer is yntusken rekôrhâlder wat WK-titels oangiet: hy wûn der mar leafst 21. De earsten wiene yn 2007 op de 5000 en de 10.000 meter. Foar al syn sportive prestaasjes krige er dat jier de Sportwikselpriis. Allinnich olympysk goud ûntbruts doe noch, mar dat makke syn pake en beppe net minder grutsk, sa registrearre Omrop Fryslân yn 2007.
Huldiging Sven Kramer yn 2007

Ireen Wüst en Thijsje Oenema

Ireen Wüst pakte al 30 medaljes op it WK ôfstannen, wêrûnder 14 gouden. De earsten yn 2007, op de 1000 en 1500 meter.
Thijsje Oenema is de iennige Friezinne mei in medalje foar de 500 meter op it WK ôfstannen. Yn 2012 pakte se brûns.
Brûns foar Thijsje Oenema op de 500 meter yn 2012 © Omrop Fryslân