Man krijt yn Ljouwert flinke boete foar wyldpisjen

13 feb 2021 - 10:17

Hanthaveners ha freed in boete fan 500 euro oplein oan in man dy't oerlêst feroarsake. De boa's soene de man yn de Prinsetún oanhâlde omdat er alkohol dronk, ferfelend gedrach hie en oan it wyldpisjen wie.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

De man fersette him en naaide út. Hy koe wer oanholden wurde yn de Pelikaanstrjitte en krige dêr de boete. Boppedat mei er 24 oeren lang net yn de binnenstêd komme.

Trefwurden: 
Ljouwert boete wyldpisjen
(Advertinsje)
(Advertinsje)