Omrop TIP: Langstme yn mineur

It is hast in jier nei de earste coronabesmetting yn Nederlân, mei ek foar de kultuersektor dramatyske gefolgen. It lytse teäter de Koornbeurs yn Frjentsjer foarmet it dekôr foar de Fryslân DOK 'Langstme yn mineur', mei pianist Peter van der Zwaag yn de haadrol. Hy is orkestlieder fan artysten as Willeke Alberti. De dokumintêre is te sjen op 13 febrewaris by NPO2 en op 14 febrewaris by Omrop Fryslân.
Yn maart 2020 gie it lân op slot en no, hast in jier letter, is de lockdown noch net foarby. De coronamaatregels betsjutte in ekonomyske slach foar de kwetsbere kulturele sektor. Foaral yn de teäterwrâld is de poadiumstilte fielber, foar artysten én publyk. Dêroer makke programmamakker Karen Bies de Fryslân DOK 'Langstme yn mineur'.
Peter van der Zwaag yn de Koornbeurs yn Frjentsjer © Omrop Fryslân

Peter van der Zwaag

Pianist Peter van der Zwaag is al fjirtich jier de fêste orkestlieder fan bekende nasjonale artysten as Willeke Alberti, Jenny Arean en yn it ferline Douwe Heeringa, Robert Long en Liesbeth List. 'Ik tocht dat ik altyd fierder koe as muzikant. Muzyk is der ommers altyd, sels yn oarlochstiid,' seit Van der Zwaag. "No't ik net mear spylje kin foar publyk, fielt dat foar my of haw ik in sintúch ferlern."
Peter van der Zwaag by de seedyk © Omrop Fryslân

Janneke Warringa

Neidat Peter van der Zwaag in skoft thús sitten hie, pakte hy de tried wer op mei sjongeres Janneke Warringa, ôfkomstich fan De Lemmer. Tegearre hawwe se in programma betocht, 'Ferlet', mei lieten dy't moed jouwe yn dizze krisistiid. Nûmers as 'Sjong dan' en 'Hoop' binne besteande Nederlânske lieten, yn it Frysk oerset troch Baukje Wytsma.
Janneke Warringa (Andrea Meijer op cello, Elske Fekkes op de achtergrûn) © Omrop Fryslân

Titia Huisman

Titia Huisman is krekt in jier lyn beneamd as nije direkteur fan de Koornbeurs yn Frjentsjer. Foar har wie it in frjemd jier, omdat de skouboarch sûnt dy tiid amper iepen west hat. Sy betocht de foarstelling 'Het Verlangen', dêr't artysten en publyk mei elkoar oparbeidzje. De foarstelling soe yn jannewaris opfierd wurde, mar dat is no ferskood nei maart.
Titia Huisman, direkteur theater de Koornbeurs Frjentsjer © Omrop Fryslân

Merlijn Twaalfhoven

No't it langer stil bliuwt, is it de fraach wat de rol is fan poadiumkeunst yn de takomst. Komponist Merlijn Twaalfhoven tinkt dat keunstners meihelpe moatte de grutte problemen yn de maatskippij op te lossen. Keunstners binne kreatyf, betinke yn krisistiid nije ynfalshoeken en ferhalen en binne sa fan grutte betsjutting. Harren taak is dêrom yn alle minsken de keunstner wekker te meitsjen, skriuwt Twaalfhoven yn syn boek 'Het is aan ons'.
Merlijn Twaalfhoven © Omrop Fryslân
Fryslân DOK 'Langstme yn mineur'
Sneon 13 febrewaris NPO2 15.30 oere (Nederlânsk ûndertitele, werhelling snein 13.10 oere)
Snein 14 febrewaris Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren)