Liveblog | 13 febrewaris 2021

WINTERBLOG fan sneon 13 febrewaris: soad drokte op it iis

It is winter yn Fryslân. Folgje yn dit liveblog de situaasje yn de provinsje fan minút oant minút.
Lêst bywurke: 15 febrewaris 2021, 09:22
22:46

Ein fan dit liveblog

Oant safier dit winterblog foar hjoed. Moarn komt der wer in nij blog, op de foarearst lêste echte winterdei.
Wy winksje jimme in noflike jûn, dank foar it folgjen!
22:27

Nannewiid ynternasjonaal op de kaart

De iiswille yn Nederlân lûkt ek de oandacht fan de ynternasjonale media. De BBC skriuwt: "Ice skating fever is gripping the Netherlands after days of sub-zero temperatures froze lakes, ponds and canals across the country."
Se brûke ûnder oare moaie foto's fan riders op it Nannewiid by Aldehaske yn harren artikel oer de iis-koarts.
19:45

Dokterwacht ferwachtet ek moarn wer drokte

De Fryske dokterwacht hie it hjoed smoardrok mei tillefoantsjes fan minsken dy't troch in fal op it iis ferwûne rekke wiene. Dy drokte is yn de rin fan de middei en de jûn, mei it ynfallen fan it tsjuster bot ôfnaam. De ferwachting is lykwols dat der ek moarn wer drokte wêze sil. De dokterswacht freget begryp fan minsken, as se krekt wat langer wachtsje moatte oan de tillefoan. Der wurdt hurd wurke om elk te helpen, mar troch de drokte kin it dus wat langer duorje.
17:11

Ek mei de rollator kinne je ride!

Mei de rollator ûnderweis
16:53

Gjin iis, mar sniewille op It Amelân

15:58

Ekstra personiel

It Antoniussikehûs yn Snits hat ekstra personiel ynset fanwege de drokte mei iisslachtoffers. Juster kamen al sa'n 50 minsken nei de spoedeaskjende mei faak brutsen bonken. Hjoed is is ûngefear like drok. In soad breuken binne sa kompleks dat der letter noch in operaasje achterwei komt.