Earste Europeeske 'pratende apparaten'-oplieding nei Ljouwert

13 feb 2021 - 08:16

Campus Fryslân fan de Rijksuniversiteit Groningen set nei de simmer útein mei in nije masteroplieding fan prestiizje op it mêd fan saneamde Voice-technology. Yn dy oplieding draait it bygelyks om de software dy't it mooglik makket om telefoans te betsjinjen mei allinnich de stim, mar ek om smartspeakers dy't oanstjoerd wurde troch der mei te praten.

Foto: Omrop Fryslân

It is foar it earst dat yn Europa in oplieding opset wurdt dy't him mei dizze technology en de tapassingen dêrfan dwaande hâldt. De oplieding is opset yn oparbeidzjen mei ûnder oare bedriuwen yn it Amerikaanske Silicon Valley.

Helpe Frysk te learen

Yn de oplieding giet it net allinnich oer de besteande technyk, mar ek oer mooglike tapassingen yn de takomst. Sa soe neffens Campus Fryslân de Voice-technology ek ynset wurde kinne om bedrige talen sa as it Frysk te behâlden. Sa soene applikaasjes ûntwikkele wurde kinne dy't minsken helpe moatte it Frysk te learen.

"Mar ek is it de bedoeling dat it Frysk in plakje krijt op de besteande apparaten sadat je ek op dizze nije platfoarms it Frysk brûke kinne", seit Jelske Dijkstra fan de Campus Fryslân. "En dat sille Google, Amazon en al dy oaren net sels dwaan, dus dan moat in oar der tiid yn stekke."

Ferslachjouwer Wytse Vellinga praat mei Jelske Dijkstra

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Apparaten mei stim betsjinje as helpmiddel

Mar it giet net allinnich oer it Frysk en oare talen in kâns jaan op de spraakstjoerde apparaten. It giet ek om it helpen fan minsken dy't net sa goed lêze en skriuwe kinne. Dy soene de apparaten dan mei harren stim betsjinje kinne en it apparaat soe teksten foar harren foarlêze kinne.

Mar de ûntwikkeling fan apps dy't gebrûk meitsje fan stimmen giet sels noch fierder, sa seit Dijkstra. "We binne ek dwaande mei in app dy't werkenne moat as ien begjinnende Parkinson hat. Dat kinne je nammentlik hearre oan ien syn stim en sa'n apparaat hat dat earder yn de gaten."

De oplieding is likegoed bedoeld foar minsken dy't hjirfoar ynformatika of in oare technyske stúdzje dien hawwe, as foar minsken dy't harren dwaande holden hawwe mei taal. De oplieding set yn septimber útein.

(Advertinsje)
(Advertinsje)