Schulting hopet op medalje op 1.000 meter, Friezen favoryt op massa-start

13 feb 2021 - 07:31

Jorrit Bergsma sil op de tredde dei fan it wrâldkampioenskip ôfstannen besykje wolle om syn titel op de massa-start te prolongearjen. Mei Arjan Stroetinga rydt hy sneon de heale finales fan dat ûnderdiel en as it goed giet ek de finale. Datselde jildt foar Marijke Groenewoud by de froulju. Op de 1.000 meter binne der poadiumkânsen foar Suzanne Schulting.

Foto: Omrop Fryslân

Programma fan de Fryske reedriders:

  • 13.48-14.15: heale finales massa-start froulju mei Marijke Groenewoud
  • 14.34-14.57: heale finales massa-start manlju mei Jorrit Bergsma en Arjan Stroetinga
  • 15.17-15.50: 1.000 meter froulju mei Suzanne Schulting
  • 16.58-17.10: finale massa-start froulju mei mooglik Marijke Groenewoud
  • 17.15-17.25: finale massa-start manlju mei mooglik Jorrit Bergsma en Arjan Stroetinga

Op de radio is de tredde dei fan it WK ôfstannen live te folgjen by Omrop Fryslân. Ut Thialf wei docht Andor Faber it kommentaar mei in analist. Dat is dizze sneon reedrider Jesper Hospes, dy't op syn lêste WK ôfstannen yn Thialf yn 2015 tsiende waard op de 500 meter.

1.000 meter

Schulting sil op de 1.000 meter revâns nimme wolle foar de 500 meter, dy't freed teloarstellend ferrûn. Se doart sels te dreamen fan in poadiumplak. "Als je kijkt naar de tijden die zijn gereden op de wereldbekers, dan kan ik zomaar op het podium eindigen. Maar, ik kan ook wel vijfde of zesde worden, want alles zit zo dicht bij elkaar", fertelt it multytalint, dat twa wiken lyn noch Europeesk kampioen shorttrack waard.

Der binne net in soad froulju dy't dit seizoen yn Thialf ûnder de 1.14 riden hawwe. Schulting is dêr wol ien fan. "Daarom! Ik ga gewoon voor het podium en misschien wel meer dan dat, wie weet." Se rydt al yn de earste rit, lykas op de 500 meter. Mei it ferskil dat se no wol in tsjinstanner hat. Dat wie op de 500 meter net it gefal.

Suzanne Schulting

Massa-start froulju

It wie miskien wol wat in ferrassende kar: de seleksje fan Marijke Groenewoud foar de massa-start. De lêste jierren foarmen Irene Schouten en Melissa Wijfje eins altyd it duo dat Nederlân fertsjinwurdige, mar bûnscoach Jan Coopmans hat Groenewoud de foarkar jûn boppe Wijfje. Mooglik dat de earste wrâldbeker dêr by de trochslach jûn hat; Groenewoud einige doe as tredde, wylst Schouten wûn.

Groenewoud giet der wol fanút dat se har skikke moat yn in rol as knecht fan Schouten. "Irene hat altyd al de fluchste west, dus dat tink ik wol." Dochs hoecht dat net te betsjutten dat de reedrydster fan Hallum sels net meidwaan mei om de medaljes. "Ik ha sjen litten dat ik ek nei in plak op it poadium ride kin, dus we hawwe goeie kânsen. As ien fan ús wint, bin ik tefreden."

Marijke Groenewoud oer de massa-start

Massa-start manlju

De Nederlânske ôffurdiging op de massa-start by de manlju wurdt foarme troch twa Friezen. Arjan Stroetinga en Jorrit Bergsma meie it sneon sjen litte. Beiden waarden al ris wrâldkampioen op dit ûnderdiel: Bergsma ferline jier yn Salt Lake City en Stroetinga yn 2015 yn Thialf. Boppedat wûnen beide manlju in wrâldbeker dit seizoen. En dus leit de druk by it Fryske duo, dochs Stroetinga? "Der wurdt altyd nei ús sjoen natuerlik, mar ik ha net it gefoel dat dat no mear is trochdat we de wrâldbekers wûn hawwe."

In plan sille de beide manlju foar de wedstriid meitsje, mei de bûnscoach. Dat is foar dit ûnderdiel efkes Jillert Anema, ek harren coach op de langebaan, om't bûnscoach Jan Coopmans der net by is. Bergsma oer harren plan: "It is net dat we foar Jorrit of Arjan ride, dat moat de wedstriid útwize. Foar de wedstriid sille we wol wat in plan beprate, mar it kin op safolle manieren ferrinne, dus dat moatte we gewoan besjen."

Bergsma en Stroetinga sjogge yn de Belch Bart Swings en de Amerikaan Joey Mantia de grutste konkurrinten. De Rus Danila Semerikov en Andrea Giovannini binne outsiders neffens harren. Bergsma: "Dat binne manlju dy't je de romte net jaan moatte, want dy binne ek tûk yn it spultsje."

Jorrit Bergsma en Arjan Stroetinga oer de massa-start

(Advertinsje)
(Advertinsje)