UPDATE: Brânwachtauto fêst nei ynset by mooglik drugsôffal

12 feb 2021 - 23:46

Nei in ynset yn Doanjum rekke in brânwachtauto fêst yn de snie. De brânwacht wie yn in stik bosk, dêr't in oantal fetten fûn wie. Mei twa trekkers waard besocht de brânwachtwein los te lûken. Dat gong net hielendal goed.

De trekker en de brânwachtauto

It is net dúdlik wat der yn de fetten siet dêr't de brânwacht yn earste ynstânsje foar oproppen waard. Neffens in tsjûge soe it mooglik om drugsôffal gean.

De brânwacht hat in takelbedriuw út Harns ynskeakele om de wein wer op de dyk te setten.

De takel en de brânwachtauto

Trefwurden: 
brânwacht trekker snie
(Advertinsje)
(Advertinsje)