Marijnissen yn It Polytburo: SP twivelet oft ferkiezingen trochgean kinne

12 feb 2021 - 20:31

De SP is der net fan oertsjûge dat de Twadde Keamerferkiezings yn maart trochgean kinne. Dat seit listlûker Lilian Marijnissen yn It Polytburo. Se seit dat it net wis is dat de ferkiezings op in feilige wize hâlden wurde kinne.

De SP hat oantrúnd op saneamde stim-strjitten, dêr't in feilige ôfstân oanhâlden wurde kin. Ek soe it stimmen per post net allinnich foar santich-plussers mooglik wêze moatte.

De corona-pandemy makket dat kampanjefieren op de gewoane manier net kin. Dat is foar de SP, in aksjepartij "fan de strjitte", toch wol in neidiel, sa jout Marijnissen ta, seker yn Fryslân, dêr't de partij net in protte oanhing hat. De SP hat yn mar twa gemeenterieden sitten, plus twa yn Provinsjale Steaten.

De kommende wiken sjocht It Polytburo foarút op de Twadde Keamerferkiezingen. Lilian Marijnissen fan de SP wie de earste gast yn dizze rige. De SP hat 14 sitten yn de Twadde Keamer. Der steane gjin Friezen op de list.

It moat earliker. Dat is de reade tried yn it ferkiezingsprogramma fan de SP. Hoe komt dat werom yn plannen dy't de partij mei Fryslân hat? Bygelyks troch gemeenten, dy't der in soad wurk by krigen ha, mear jild te jaan. Troch jongerein, starters en minsken mei in beheining makliker oan in hûs te helpen. En troch better mei miljeu om te gean.

Jildkrapte gemeenten

De finansjele situaasje fan gemeenten is al jierren in probleem. Oarsaak is it oerheveljen fan tal fan soarchtaken dy't earder it Ryk útfierde. Dat wurk dogge no de gemeenten, omdat dy better sicht ha op wat der nedich is. Tagelyk ha gemeenten net it jild krigen om it belied út te fieren sa't se dat wolle. Der binne grutte koarten ûntstien. En dan binne der ek noch plannen om it jild út it gemeentefûns opnij te ferdielen, wêrtroch't in soad Fryske gemeenten der noch mear op achterút geane.

De SP wol dat gemeenten folle mear jild krije om dy soarchtaken út te fieren, benammen yn regio's dêr't hieltyd minder minsken wenje. Dat is yn parten fan Fryslân it gefal. Jildkrapte moat net ten koste gean fan de kwaliteit fan de jeugdsoarch bygelyks, skriuwt de partij yn it programma.

Fierder wol de partij dat yn alle regio's in folweardich sikehûs stiet en dat der gjin sikehûzen of ôfdielingen ferdwiene meie. De ôfstân nei hûsdokterposten moat wat de SP oanbelanget ek oeral yn Nederlân net te fier wêze.

Gaswinning

Wat gaswinning oanbelanget stiet benammen Grinslân lanlik op de kaart. Benammen SP-Keamerlid Sandra Beckermann set har bot yn foar de saak fan de Grinslanners. Mar ek yn Fryslân ha we te krijen mei gaswinning. Ut tal fan lytsere fjilden wurdt hjir gas wûn. De SP wol sa gau as mooglik ophâlde mei de gaswinning yn hiel Nederlân. Dat stiet yn it ferkiezingsprogramma.

Lânbou en miljeu

De lânbousektor is te grut wurden, wat de SP oanbelanget. De natuer, it miljeu en it wolwêzen fan de bisten ha dêrûnder te lijen. Boeren moatte goed jild fertsjinje kinne mei har wurk, mar de feesteapel moat wol in stik minder grut wurde, seit de partij. Oars wurdt de skea oan it miljeu en it klimaat allinnich mar grutter.

De SP wol dêrom benammen boeren helpe dy't bistefreonlik en duorsum buorkje. Der moat ek mear yn de regio weiset wurde.

It bioferskaat moat ek better. De SP wol dat natuergebieten oan elkoar ferbûn wurde en dat der folle mear natuer yn ús lân komt, ek op see. De wetterstân yn feangreidegebieten moat omheech as dat kin. Dat is goed foar greidefûgels.

Iepenbier ferfier

Foar in skjinnere wrâld wol de SP ek mear dwaan oan skjin en betelber ferfier. It iepenbier ferfier-netwurk yn Noard-Nederlân bliuwt achter by in protte oare regio's. Guon buslinen wurde sels skrast yn Fryslân.

Neffens de SP moat it dien wêze mei de privatisearring fan it iepenbier ferfier. Der moat mear jild nei ta en minder nei de oanlis fan nije autodiken. It ferfier moat fergees wurde foar 65-plussers en minsken mei in beheining. De SP wol, krekt as hast alle oare partijen, ek de Lelyline oanlizze: in spoarferbining tusken Grins en de Rânestêd, oer Drachten en It Hearrenfean.

Wenjen

De Lelyline soe it ûnder oare makliker meitsje moatte om yn it Westen te wurkjen, wylst je wenje yn it Noarden. It soe derfoar soargje kinne dat mear minsken yn Fryslân wenje wolle. En dat wylst ek yn parten fan ús provinsje al in tekoart oan hûzen is.

De SP wol dat der in ministearje fan wenjen komt, dat in nasjonaal bouplan makket. Sa moatte der duorsume en betelbere hûzen foar elkenien komme. Leechsteande kantoaren, winkels en bedriuwsgebouwen moatte earder plak meitsje foar wenromte.

In nasjonaal plan dus, mar de SP sjocht wol yn dat je net oeral itselde dwaan kinne. Lokale bestjoerders moatte dêrom mear eigen belied meitsje kinne om lokale problemen oan te pakken.

Fryske kandidaten

Wa't op de SP én op in Fries stimme wol, hat in probleem. De partij hat gjin Friezen op de kandidatelist stean. Of je moatte Fenna Feenstra as Friezinne beskôgje. Se siet foar de SP yn de Fryske Provinsjale Steaten, mar wennet no yn Grins. Grinslanners binne sowieso goed fertsjintwurdige op de kandidatlist fan de SP. Sandra Beckermann stiet op 6 en Jimmy Dijk op 10.

(Advertinsje)
(Advertinsje)