Johnny Jansen hâldt Lasse Schöne noch op 'e bank tsjin AZ

12 feb 2021 - 19:37

Johnny Jansen is tige tefreden mei de komst fan middenfjilder Lasse Schöne. Net allinnich omdat de 34-jierrige Deen noch altiten goed fuotbalje kin, mar ek om syn ferhaal oer te bringen oan jonge talinten. Jansen: " Toen Lasse hier als jeugdspeler kwam zat hij in een gastgezin en heeft hij de stap naar het eerste net niet gemaakt. Maar via een omweg heeft hij toch de top bereikt. Hij is wat dat betreft een prachtig voorbeeld voor onze jonge spelers."

Johnny Jansen foar it duel tsjin AZ

Lasse Schöne kaam op 16-jierrige leeftiid nei Hearrenfean ta. Johnny Jansen wie doe syn alderearste trainer by de ûnder-17. De trainer wit dat noch goed. "Dat was een goed elftal hoor, met de broertjes Drost, Joey van den Berg, Reza Ghoochannejhad, Oguzhan Türk", seit Jansen. "Dat was een leuke tijd. Ik probeerde met de buitenlandse jongens ook buiten het voetbal om dingen te doen. Dan namen we een zakje maden mee en gingen we vissen. Maar hij was geen held, ik moest de vissen eraf halen", laket Jansen.

Konkurrinsje op middenfjild

SC Hearrenfean hat de opgeande line wer te pakken. Yn op papier in drege searje wedstriden, mei Feyenoord (3-0), FC Twente (0-0) en Vitesse (1-0) krige it gjin inkeld doelpunt tsjin. Reden om wizigingen oan syn alvetal oan te bringen, is der dan ek net. Schöne mei tsjin AZ spylje, sit ek by de seleksje, mar begjint op de bank.

In zijn hart is Lasse een aanvaller.

Johnny Jansen, trainer SC Hearrenfean

"Er is concurrentie en Lasse moet nu zijn best doen om erin te komen. Hij kan op alle vier de posities op het middenveld uit de voeten. Wat zijn ideale positie is gaan we ontdekken. Toen hij hier nog voetbalde, was hij een echte aanvaller. Hij speelde hier op tien, maar bij Ajax speelde hij in een vrije rol op rechts en uiteindelijk speelde hij daar op zes. Dus in zijn denken heeft hij wel een omslag gemaakt, maar in zijn hart is het natuurlijk een aanvaller."

AZ oppermachtich yn earste duel

De earste konfrontaasje tusken Hearrenfean en AZ wie op 8 novimber en einige yn in 0-3 oerwinning foar de ploech út Alkmaar. AZ wie yn dy wedstriid Hearrenfean op alle fronten de baas. Johnny Jansen hopet dat it no oars giet: "We kwamen toen helemaal niet in gevecht en daar baalde ik toen enorm van. Ik hoop dat we nu echt de strijd aangaan. Ik verwacht een heel ander Heerenveen dan de vorige keer."

De wedstriid AZ - SC Hearrenfean begjint sneintemiddei om 12.15 oere en is live te hearren by Omrop Fryslân. It kommentaar is yn hannen fan Arjen de Boer.

Ferwachte opstelling: Mulder, Van Hecke, Dresevic, Bochniewicz, Kaib, Halilovic, Kongolo, J. Veerman, De Jong, H. Veerman en Van Bergen.

AZ hat in pear drege wiken efter de rêch. Fan FC Utrecht (0-1) en Ajax (0-3) waard ferlern, wylst der fan de nûmer lêst, FC Emmen, mei minimaal ferskil wûn waard (0-1). AZ-trainer Pascal Jansen kin tsjin Hearrenfean gjin berop dwaan op Dani de Wit en Jonas Svensson. Sy binne beiden blessearre. Ek foar middenfjilder Jordy Clasie komt de wedstriid te betiid.

(Advertinsje)
(Advertinsje)