Oerwinningsrige Femke Kok komt ta ein op WK mei sulveren medalje: "Ik gong foar goud"

12 feb 2021 - 21:25

Femke Kok fan Nij Beets hat freedtemiddei foar it earst yn har karriêre in yndividuele WK-medalje wûn. Op it WK ôfstannen yn Thialf waard se mei 37,28 twadde op de 500 meter. "Ik gong foar goud", sei Kok nei ôfrin. "Ik ha der alles oan dien."

It goud wie foar de Russyske Angelina Golikova mei 37,14. Mei 37,35 pakte de Russyske Olga Fatkoelina it brûns.

Kok ried yn de lêste rit tsjin Jutta Leerdam. Har grutste konkurrinte, de Russyske Angelina Golikova hie op dat stuit de bêste tiid riden: 37,14. Kok hie dit seizoen al twa kear flugger west as dy tiid, mar de omstannichheden yn Thialf wiene freed in stik swierder as earder dit seizoen.

It slagge de 20-jierrige Friezinne úteinlik ek net, nei in iepening fan 10,34, om ûnder de tiid fan Golikova te dûken. Dêrmei kaam nei fjouwer oerwinningen yn de wrâldbeker in ein oan de oerwinningsrige fan Femke Kok. "Ik hie noait tocht dat ik hjir as favoryt oan de start stean soe", sei se nei ôfrin. "Ik hoopje dat ik my yn de takomst noch fierder ferbetterje kin."

Suzanne Schulting einige mei 38,75 as fjirtjinde. De olympysk kampioene shorttrack moast yn de earste rit allinnich ride, om't de Poalske Karolina Bosiek har ôfmeld hie.

"Ik wist vanmiddag al dat ik alleen moest starten. Dat was niet ideaal. Maar als je dan aan de lijn staat, dan is dat totaal niet sfeerfol. Het is niet het lekkerste gevoel, maar je moet het ermee doen."

Foto: Orange Pictures

Utslach 500 meter

1. Angelina Golikova (RUS) 37,14
2. Femke Kok (NED) 37,28
3. Olga Fatkoelina (RUS) 37,45
4. Jutta Leerdam (NED) 37,61
5. Vanessa Herzog (EAS) 37,85
14. Suzanne Schulting (NED) 38,75
(Advertinsje)
(Advertinsje)