"Soargje ek dat der omtinken is foar de jongelju yn coronatiid"

12 feb 2021 - 17:13

Der geane stimmen op yn de mienskip om mear omtinken oan jongelju te jaan yn coronatiid. Brûk sneltesten benammen foar harren, rek de leeftiidsgrins foar bûtensporten op en faksinearje jongelju net as lêste. Dat wie tongersdei in foarstel fan in tal promininte Nederlanners yn in manifest. Frank van Hout, bestjoerslid fan de MBO Ried en bestjoerslid fan it Friesland College, kin him wol fine yn de gedachte om mear omtinken foar de jongerein te hawwen.

Jongelju yn coronatiid - Foto: Shutterstock.com (DisobeyArt)

"Ik merk bij studenten dat het water aan de lippen staat," seit Van Hout. "We moeten wel voorkomen dat de gevolgen voor hen op mentaal gebied groter zijn dan eventuele consequenties vanuit medisch oogpunt. De jongeren zitten er zo langzamerhand wel doorheen."

Jongelju moatte eins alles út harren sels helje, tinkt Van Hout. "De groep tussen de 17 en 20 jaar vormt normaal gesproken een categorie die steeds meer mag. Ik sprak een jongere die zei: ik werd eindelijk 18 en vanaf dat moment ging alles dicht, ik heb nog steeds niets meegemaakt van wat ik nu mag."

Balâns fine

Jongelju hawwe ek minder kontakt mei oaren fan deselde leeftiid. "In het begin van het jaar dachten we: nog even doorbijten. Maar hoe langer het duurt, hoe ingewikkelder het wordt. Ik denk dat men wel beter door krijgt dat deze groep er ook is. In het begin niet: toen keek men vooral naar de ziekenhuizen en de ernstige coronaslachtoffers. Maar dat verandert." Sa hat ek de Twadde Keamer dizze wike oanjûn om te sjen wat der mooglik is. "Wat er wél kan worden geboden."

De oprop fan de promininten is neffens Van Hout ek net krityk op hoe't it no giet, mar earder in sykjen nei de balâns tusken ferskate belangen. "We moeten de jongeren ook niet te snel aan het einde van de rij zetten. Kijk waar we jongeren ruimte kunnen bieden, al is het maar af en toe. Dan kun je het ook weer beter opbrengen om je daarna te beperken."

Frank van Hout, bestjoerslid fan de MBO Ried en bestjoerslid fan it Friesland College

Trefwurden: 
coronafirus jongelju
(Advertinsje)
(Advertinsje)