Fjouwer jier sel foar bestelbuskestrippers yn Wynjewâld

12 feb 2021 - 16:24

Trije manlju út Noardwâlde en Vledder hawwe fjouwer jier sel krigen, fanwege wytwaskjen, dielname oan in kriminele organisaasje, ferbean wapenbesit en drugsbesit. De trije hearden by in binde, dy't stellen bestelbuskes stripte en ûnderdielen trochferkocht.

Rechtbank Noord-Nederland (RNN) yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

De trije wurken út in loads yn Wynjewâld wei, dêr't se de buskes stripten. Wat der fan oer bleau, gie nei in skroatbedriuw. Underdielen waarden te keap oanbean op Marktplaats. De groep wurke neffens it Iepenbier Ministearje as in 'geoliede machine'.

De fertochten - fan 27, 40 en 66 jier âld - moatte mear as in ton werombetelje oan minsken fan wa't de buskes stellen waarden.

Trefwurden: 
rjochtbank Noardwâlde binde
(Advertinsje)
(Advertinsje)