Antoinette de Jong en Ireen Wüst mei Nederlân wrâldkampioen op ploege-efterfolging

12 feb 2021 - 18:02

De Nederlânske efterfolgingsploech mei Antoinette de Jong fan Rottum, Ireen Wüst fan It Hearrenfean en Irene Schouten is freedtemiddei wrâldkampioen wurden. Yn Thialf op It Hearrenfean kamen de froulju ta in tiid fan 2.55,79. It sulver wie foar Kanada mei 2.55,98. De Russyske froulju pakten it brûns yn 2.59,35.

Nederlân ried yn de lêste rit tsjin Kanada mei Ivanie Blondin, Isabelle Weidemann en Valérie Maltais. Dy ploech hie de iennige twa wrâldbekerwedstriden fan dit seizoen wûn, mar dit kear wiene de Nederlânske froulju dus it rapste. It ferskil waard makke yn de alderlêste ronde.

Kanada pakte noch wol it sulver. It Russyske team hie mei noch ien rit te gean de rapste tiid en pakte dus it brûns.

De Nederlânske ploech makke foar it earst yn in wedstriid gebrûk fan in nije taktyk, wêrby't mear treaun waard en minder wiksele. Dy technyk waard by de wrâldbekerwedstriden mei súkses yntrodusearre troch de Noarske manlju. De froulju hiene hjir lykwols noch mar twa kear op traind, mar wie direkt suksesfol.

Foto: Orange Pictures

Harkje nei it live-ferslach: Ien ronde foar de ein tinkt ferslachjouwer Andor Faber noch dat Nederlân ferliest

Utslach ploege-efterfolging

1. Nederlân (I. Wüst, I. Schouten, A. de Jong) 2.55,79
2. Kanada (I. Blondin, I. Weidemann, V. Maltais) 2.55,97
3. Ruslân (E. Golubeva, E. Lalenkova, N. Voronina) 2.59,35
4. Noarwegen (I. Njåtun, M. Bøhm, R. Wiklund) 2.59,63
5. Poalen (N. Czerwonka, M. Czyszczon, K. Bosiek) 3.00,76

Ek de Nederlânske manlju mei Patrick Roest, Marcel Bosker en Beau Snellink waarden freedtemiddei wrâldkampioen op de ploege-efterfolging. Sven Kramer gie net fan start op it teamûnderdiel, om't hy lêst hie fan de rêch.

It sulver wie foar Kanada en it brûns gie nei it Russyske team.

(Advertinsje)
(Advertinsje)