Bisten yn de problemen troch winterwaar: drokte by Fûgelhelling yn Oerterp

12 feb 2021 - 15:24

Troch it kâlde winterwaar kinne de bisten yn de Fryske natuer mar dreech genôch fretten fine. Der komme mear en mear bisten binnen by De Fûgelhelling yn Oerterp, dêr't se oansterkje kinne. "Lykas ús moatte de bisten der wer even oan wenne. Dêr't oars altyd fretten leit, moatte se der no mear om sykje", leit Hetty Sinnema fan De Fûgelhelling út. "Dat hat even tiid nedich. It kostet ek altyd slachtoffers. No't it langer kâld bliuwt, krije we hieltyd mear slachtoffers".

Drokte by de Fûgelhelling

Yn de opfang binne ek stikelbargen, lytse haskes en in otter te finen, mar foaral de fûgels binne slachtoffer fan it waar. Trochdat de bisten minder te fretten hawwe, knalle se earder tsjin in rút of auto oan. Dêrom fynt Hetty ek dat wy minsken de bisten helpe moatte: "Dêr is in minsklike faktor yn it ferhaal. Dan binne wy der foar dy bisten".

Tsien kilo fretten

Hetty is bliid dat minsken de ferswakke bisten nei de opfang bringe, mar noch better is om dat foar te kommen. Dêrom is dat byfuorjen ek sa wichtich. Om dy reden stelt De Fûgelhelling, tegearre mei it Bûn foar Fryske Fûgelwachten (BFVW) no tsien kilo oan fretten beskikber foar alle lokale fûgelwachten.

Johan Kootstra fan de fûgelwacht yn De Pein is der bliid mei: "Moai dat it sa kin. Hjir kinne wy mei foarút en de fûgels ek". Mar ek efter hûs falt al in soad te dwaan. "Al binne it mar in pear stikjes bôle of fetboltsjes, wat se mar hawwe. Dat kin wol brûkt wurde foar de fûgels op dit stuit."

(Advertinsje)
(Advertinsje)