Wer mear besmettingen mei corona meld as trochsneed

12 feb 2021 - 15:18

It RIVM meldt freed 203 nije coronabesmettingen yn Fryslân. Dat binne 19 minder as tongersdei, doe wiene it 222. De ôfrûne wike binne alle dagen gemiddeld 177 nije besmettingen meld.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

De measte nije besmettingen binne meld yn de twa grutste gemeenten fan ús provinsje: yn Ljouwert en Súdwest-Fryslân elk 34. Dêrnei komt De Fryske Marren mei 23.

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren fjouwer stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. It giet om ynwenners fan de gemeenten Ljouwert, Achtkarspelen, Tytsjerksteradiel en Waadhoeke.

Der binne ek fjouwer Friezen yn it sikehûs opnaam mei corona, it giet om minsken út Ljouwert, Achtkarspelen, Tytsjerksteradiel en Hearrenfean.

Lanlik

Lanlik meldt it RIVM 4.385 nije besmettingen. Dat is sawat lyk as de perioade foar it winterwaar. De earste ekstreme winterdagen waarden minder besmettingen meld, mar dat wie ek omdat minsken minder nei de testlokaasjes gongen. Dy wienen snein bygelyks allegear ticht.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)