Fries Museum mei jurk fan keninginne Máxima sjen litte

12 feb 2021 - 15:15

It Fries Museum yn Ljouwert krijt foar de nije tentoanstelling in jurk fan keninginne Máxima te lien. It giet om de jurk dy't se oan hie yn 2015, op Prinsjesdag. Hy is makke troch de ferneamde ûntwerper Jan Taminiau.

Foto: ANP

De jurk, mei opfallende blommen en fûgels derop, is te sjen yn de tentoanstelling Haute Bordure. It museum wol dêrmei begjinne wannear't der wer besikers nei binnen meie.

Neist de jurk fan Máxima binne ferskate klean te sjen dy't yn Nederlân makke binne. Sa is der is in pear mei goudtried fersierde skuon út 1620 te sjen, mar ek in jurk mei rinkeljende bellen fan de ferneamde ûntwerpers Victor & Rolf.

De eksposysje bestiet út mear as hûndert stikken, dy't oer seis sealen ferspraat stean. Yn tarieding op de iepening fan it museum komt it museum mei de podcast Voortborduren, dy't giet oer de borduerkeunst.

(Advertinsje)
(Advertinsje)