Freedsmerk: Ferkiezingen útstelle?

"Stel de ferkiezingen mar út, want útsûnderlike situaasjes freegje útsûnderlike maatregels." Dat wie ien fan de reaksjes op de Ljouwerter freedsmerk op de fraach oft it wol sa'n goed idee is om yn coronatiid nei de stimbus te gean.
© Omrop Fryslân, René Koster
No binne der wol in soad maatregelen naam en kinne 70-plussers mei in brief stimme, mar de fraach bliuwt oft it wol ferstannich is om de ferkiezingen foar de Twadde Keamer op 17 maart trochgean te litten.
"Utstelle oant de simmer, dat is folle better want fanwege de waarmte is it firus dan minder aktyf", fûn in keapman. "Ik tink dat ik net te stimmen gean as it oer fjouwer wiken al is. Mei syn allen yn sa'n lokaaltsje, dêr haw ik gjin nocht oan."

Alternativen

In klant heakke dêr noch oan ta: "Het hoeft ook helemaal niet van de ene dag op de andere. Bovendien zal er waarschijnlijk toch niet eens zo veel veranderen..." Oaren fûnen krekt it dat mei de oankundige maatregels bêst trochgean koe: "Volgens mij wordt het ordentelijk georganiseerd."
In soad minsken hiene leaver sjoen dat der noch wat mear alternativen mooglik wiene, bygelyks stimme fia DigiD of eltsenien de kâns jaan om de stim fia in brief út te bringen. Ien man makke it net folle út: "Ik ga niet stemmen. Het zijn daar allemaal maffiaboeren. Ga toch weg man!"
Besikers en keaplju fan de Ljouwerter freedsmerk oer al of net útstelle fan de ferkiezingen