Gemeente leit rotonde oan by Broek-Súd, mei oansluting takomstige nijbou

12 feb 2021 - 14:55

It krúspunt tusken de Tramwei, It Súd en de Woudfennen by Broek-Súd feroaret yn in rotonde. Dat hat gemeente De Fryske Marren bekend makke. Der wurdt wurke oan it oanlizzen fan nijbou tusken Broek-Súd en De Jouwer. Mei de rotonde moat It Súd in bettere oansluting op de Tramwei krije. It wurk duorret fan 15 febrewaris oant 17 april.

De greide dêr't de nijbou fan Broek-Súd komt, njonken De Jouwer - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

It ferkear sil mei it oanlizzen fan de rotonde omlaat wurde fia in bypass. De oansluting sil yn de takomst wichtich wurde foar de bewenners fan de nijbouwyk. Dy kinne fia It Súd wer op de Tramwei nei De Jouwer of Snits of fia de Woudfennen op de sneldyk komme.

Trefwurden: 
De Jouwer rotonde Broek-Súd
(Advertinsje)
(Advertinsje)