Epke Zonderland sa goed as wis fan Olympyske Spelen: "Perfekte tarieding"

12 feb 2021 - 18:19

Epke Zonderland is sawat wis fan dielname oan de Olympyske Spelen yn Tokio. Syn iennige konkurrint om in olympysk ticket op de rekstôk, Hidetaka Miyachi, docht net mei oan de wrâldbekerwedstriid yn Doha begjin maart. Dêrmei kin er it ticket fan Epke Zonderland yn teory net mear ôfpakke.

Epke Zonderland

Om te bepalen wa't in olympysk ticket krijt, wurdt sjoen nei de ranglist. Dêrop ha Zonderland en Miyachi like folle punten. Mar yn de wrâldbekerwedstriden hat Zonderland bettere skoares delset as Miyachi, en dêrom giet it foardiel nei de Fries.

Epke Zonderland - Foto: ANP

Miyachi hie Zonderland noch ynhelje kind, troch op de lêste wrâldbeker yn Doha syn totaalskoare te ferbetterjen. Mar de Japanner stiet net op de dielnimmerslist yn Doha en dus kin er Zonderland net mear ynhelje.

Geweldich

"Geweldich dat it olympysk ticket no sa goed as wis binnen is", seit Zonderland. "No hoech ik gjin rekken mear te hâlden mei eventuele kwalifikaasjewedstriden en kin ik myn tarieding op de Olympyske Spelen sa ideaal as mooglik meitsje."

(Advertinsje)
(Advertinsje)