Eineksamens geane troch: "Mear as toetsen, ek ôfsluting skoalkarriêre"

12 feb 2021 - 12:41

De sintrale eksamens geane troch dit jier, dat sil minister Arie Slob fan Underwiis nei alle gedachten bekend meitsje. De easken wurde wol ferromme. Sa meie je in ekstra ûnfoldwaande hawwe op de list, útsein yn de fakken Nederlânsk, Ingelsk of wiskunde. It smyt by de skoallieders fuortendaaliks in soad fragen op. In soad eineksamenlearlingen hawwe efterstannen oprûn.

Eineksamens geane troch

Mei it each op de coronamaatregels lizze der in tal maatregels klear om it makliker foar eksamenkandidaten te meitsjen. Sa meie sy dus nei alle gedachten in ekstra ûnfoldwaande hawwe, mar ek sille de eksamens mear ferspraat wurde.

Unwissichheid

Anne Leijenaar, foarsitter fan it kolleezje fan bestjoer fan stichting CVO Zuid-West Fryslân, snapt wol dat guon learlingen noed hawwe oer de eksamens. "Het is natuurlijk anders dan anders, ze hebben al een hele poos geen lessen op een normale manier. Ze volgen lessen gesplitst in lokalen. Ze voelen zich onzeker of ze het wel halen." Leijenaar is fan de skoalkoepel dêr't csg Bogerman, it Marne College en De Diken ûnder falle, yn Snits, Boalsert, Koudum en Balk.

Der wiene neffens Leijenaar in pear mooglikheden. "Eén: dat het niet doorgaat. Twee: een beperkt examen met de kernvakken Nederlands, wiskunde en Engels en misschien een profielvak. Drie: dat het wel doorgaat, maar met aanpassingen. Daar gaan we nu voor. Ze krijgen wel een extra herkansing en mogen een extra onvoldoende hebben. Dus er is wel versoepeling."

Ofsluting fan skoalkarriêre

Leijenaar kin him wol fine yn it beslút fan de minister. "Vorig jaar zijn we zonder examens verder gegaan en dat was ook jammer. Bovendien zijn de examens ook een afsluiting, je wilt de spanning voelen van het in de zaal zitten, een uitslag en diploma-uitreiking. Het hoort bij het afsluiten van een schoolloopbaan. Ik sprak een leerling die het ook fijn vond, een echt examen wordt ook op prijs gesteld."

Organisaasje

It smyt wol wat wurk op foar de skoallen. "Het vraagt veel voor de organisatie: het moet binnen drie tijdvakken, op anderhalve meter. Maar we gaan voor onze leerlingen. En ik heb alle waardering voor de docenten. Er wordt hard gewerkt om iedereen voor te bereiden op de examens."

Eardere eksamens op it Bogerman - Foto: Omrop Fryslân

Anne Leijenaar, foarsitter fan it kolleezje fan bestjoer fan stichting CVO Zuid-West Fryslân

(Advertinsje)
(Advertinsje)