Plannen om stasjonsgebiet De Westereen oan te pakken, mei nije supermerk

12 feb 2021 - 12:38

Supermerk Jumbo wol in nije fêstiging delsette yn De Westereen. De bedoeling is dat dy begjin takom jier de doarren iepenet. Op it stuit wurdt wurke oan in ûntwerp foar it gebou en de omjouwing.

Foto: Bougroep Dijkstra Draisma

Der stiet in gebou leech op de hoeke fan de Oastersingel mei de Noarder Stasjonsstrjitte. Dat terrein is fan bougroep Dijkstra Draisma, dy makket ek de nije supermerk.

De gemeente Dantumadiel wol it stasjonsgebiet yn De Westereen al langer oanpakke. Troch in supermerk te bouwen, wurdt it gebiet oantrekliker, seit wethâlder Gerben Wiersma. Yn it ûntwerp foar de omjouwing wurdt ek sjoen nei de diken en it grien.

Trefwurden: 
De Westereen Jumbo supermerk
(Advertinsje)
(Advertinsje)